Oer waljende weagen (Zie ginds komt de stoomboot)
Oer wâljende weagen, oer bruzjende see
komt Sint mei syn stomboat, d'âld man stiet al ree
De flaggen dy waaie, it seewetter blinkt
de pipen dy rikje, de stomfloite klinkt

Wat laket it feintsje de bernstjes dochs ta!
Syn sniewite toksen dy blinke dochs sa
Hy stiet by it hynder, dat knikt mei syn kop
Twa fleurige tufen dy waaie der op

Och, och, wat in koffers, de boat suver fol
Foar elts in presintsje, want Sint is sa gol.
De berntsjes, hja wiuwe sa bliid mei de han
'Dei Sint en dei Piter, wes wolkom yn't lân".


Swarte Pyt soe te fytsen

Swarte Pyt soe út fytsen, doe knapte syn bân
Doe moast er wol rinne mei de fyts oan 'e hân
Hy kaam yn de buorren en sei tsjin de smid
Ik leau dat der yn myn achterbân en spikergatsje sit

De smid moast wol laaitsje, mar plakte de bân
Doe koe Pyt wer fytse troch 't hiele Fryske lân
Oer Akkrum, oer Jirnsum, by Boarn oer it dak
Brocht Piter op syn fytske de pakjes te plak.
O, moat mem ris sjen (O, kom er eens kijken)

O, moat mem ris sjen, mem, wat der yn myn kuorke leit,
Laket it famke, sjoch ek gau ris heit
In poppe mei in strik yn't hier en skuontsjes fan glêd buordpapier
Derby in fikse sûkerman, wat sizze jimm'der fan?

O, moat heit ris sjen, heit, wat der yn myn kuorke leit,
Laket it jonkje, sjoch ek gau ris heit
In fleanmasine, tige great, mei mooie kleuren, wyt en read
Derby in fikse sûkerman, wat sizze jimm'der fan?

O. moat mem ris sjen, mem, wat in leave Sinterklaas.
Wol heit ris skriuwe oan dy âlde baas?
Sjoch de moanne (Zie de maan)

Sjoch, de moanne troch de beammen, bernstsjes wês doch efkes stil
't Is de jûn fan Sinterklaas no, wat er ús ris bringe sil?
O, wat slacht ús 't hert no rêd, wy moatt' net te let op bêd
O, wat slacht ús 't hert no rêd, wy moatt' net te let op bêd

O, wat sille wy moai boartsje mei dy poppe en dy wein
Earlik sill'wy alles partsje, sukerguod en marsepein.
Mar o wee, wat grut fertriet, as der neat yn't kuorke siet
Mar o wee, wat grut fertriet, as der neat yn't kuorke siet
Sinterklaas lietsjes
yn it Frysk